KNKB Froulju 1e klasse keatsters yn Mantgum
Sneon 13 july 2013 om 11.00 oere gongen alle partoeren tagelyk los
Yn in fjild mei 4 perken gongen alle 24 keatsers foar de prizen.
In wat meagere, mar wol moaie, list mei in ôffal omloop en gjin bylotterij soarge foar in flot ferrin fan de wedstriid. Dit ûnder lieding fan Theo Kuipers, genôch karmasters en fjouwer blokjerinners. Om 15.30 oere foel op 5-4 en 6-4 de lêste slach en koenen de prizen troch foarsitter Hans de Boer útrikt wurde.
Die lêste slach wie yn de ferliezers omloop, dy’t wûn waard troch de blesseare Anke Geartsje Ponne Hallum, Klasine Terpstra Reduzum en Baukje Stienstra Mantgum, hja wûnen op de stân fan 5-4 en 6-4 fan it partoer fan Ilse Noorman. By de winners yn de twadde omloop 2 spannende partijen Wat net bliken docht út de útslach, 5-2 en 6-6, waard d’r ek yn de finale fûleindich en spannend keatst. De 2e priis gong nei partoer 7 mei Rianne Vellinga Frjentsjer, Riska Bouma Bûtenpost en Marije van der Meer Grins. Hja ferlearen de finale fan partoer 4 mei Tineke Dijkstra Easterein, Judy Bergsma Wommels en Melissa Rianne Hiemstra Stiens dy’t dus de winners fan dizze keatsdei waarden
Geplaatst op 13 July 2013